"Noardlike provinsjes moatte mear gearwurkje"

05 jan 2017 - 19:53

As de noardlike provinsjes wat berikke wolle yn Den Haag en Brussel, sille se folle yntinsiver gearwurkje moatte. Dy konklúzje waard lutsen by de nijjiersresepsje fan de Stichting Noord-Nederland. Om dat te ûnderstreekjen is de NoordKrachtig-priis ynsteld. Dy is foar in persoan of ynstânsje dy't him ynset om de krêft fan Noard-Nederlân fierder te bringen.

De earste edysje fan de priis is postúm takend oan Harrie Langman, âld-minister fan Ekonomyske Saken, de man fan it Langmanakkoart fan 1998, dat miljarden nei it Noarden brocht.

Ferskaat ynspirearret

Der wie ek omtinken foar de winners fan de trije provinsjale ûndernimmersprizen en de Jonge Ondernemers Prijs yn Noard-Nederlân. De bekende boskwachter Arjan Postma fergelike it gedrach fan de teams mei it gedrach fan bisten yn de natuer. "Waarom leven beesten die niets met elkaar hebben toch - min of meer - samen in een kudde? Omdat de ene heel goed kan luisteren en de andere heel sterk is. Dat zou veel ondernemers kunnen inspireren", sa stelde er.

Gun inoar wat

Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe elk spesifike winsken en kwaliteiten en dat moat ek sa bliuwe. Stichting Noord-Nederland wol mei de organisaasje fan de nijjiersresepsje in dúdlik statement meitsje om as Noard-Nederlân gear te wurkjen. Se moatte inoar wat gunne, yn it bestjoeren en it ûndernimmen, dan komst mei-inoar better út de striid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)