Kollumersweachster feroardiele foar gefaarlik rydgedrach

05 jan 2017 - 19:20
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In man fan 47 jier út Kollumersweach is tongersdei feroardiele ta fiif wike sel fanwege gefaarlik rydgedrach, drugsbesit en it riden sûnder jildich rydbewiis. De man waard op 5 septimber ferline jier nei in wylde achterfolging troch Kollum oanhâlden. De plysje siet achter him oan, omdat se wisten dat syn rydbewiis ûnjildich ferklearre wie, nei't er riden hie ûnder ynfloed fan drugs.

De fertochte hat in lang strafblêd. Sa krige er yn 2014 ek al in flinke selstraf foar in drugssaak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)