FIDEO: Frânske argiven Mata Hari gean dit jier iepen

05 jan 2017 - 17:53

Dizze wike sjogge wy foarút op 2017 en hjoed dogge we dat mei ferslachjouwer Auke Zeldenrust. Syn ferhaal hat alles te krijen mei Mata Hari. Dit jier gean de argiven fan de Frânske geheime tsjinst oer har iepen. Mooglik komt der dan antwurd op de fraach oft sy echt in spionne wie.

Eksoatysk

Mata Hari, Maleisk foar 'each fan de dei', sprekt al mear as hûndert jier ta de ferbylding. Sy hat grutte filmstjerren ynspirearre. Mata Hari kaam yn 1876 yn Ljouwert op 'e wrâld. Margaretha Geertruida Zelle falt as jong famke op tusken har freondinnen. Dan al wurdt dúdlik dat se yn har libben net de gewoane paden folgje sil. Nei in dramatysk houlik siket se har gelok as eksoatysk dûnseres yn Paris. Mannen falle manmachtich foar har útdaagjende sjarmes en Mata Hari wurdt ferneamd yn hiel Europa.

Spionne

Yn de Earste Wrâldoarloch komt oan de karriêre fan Mata Hari in ein. De dûnseres wurdt fanwege har kontakten mei hege Dútske offisieren fertocht fan spionaazje. Yn 1917 wurdt Mata Hari feroardiele en stjert se flakby Paris foar in fjoerpeloton.
 

Trefwurden: 
Mata Hari Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)