Ynterim-trainers Hulshoff-Slot meitsje seizoen ôf by Cambuur

05 jan 2017 - 17:27
Sipke Hulshoff en Arne Slot - Foto: AWfoto

It trainersduo Sipke Hulshoff en Arne Slot makket it seizoen by SC Cambuur ôf. Se kamen oan it roer neidat Rob Maas dien krigen hie. De klup fynt dat de beide manlju fierder kinne, omdat de resultaten poerbêst binne en de gearwurking goed foldocht. Se wurde bystien troch assistint-trainer Jan Bruin en keeperstrainer René Ponk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)