Boargemaster Skylge: ''Kleien en skellen is ergerlik''

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge ergeret him oan it kleien en skellen fan in groep eilanners as se it mei wat net iens binne. Foaral op de social media rint it bytiden flink út de hân, seit de boargemaster yn syn nijjierstaspraak.
De gemeente moat him hâlde oan regels en wetjouwing. Mar guon minsken dy't harren sin net krije, kinne dat blykber mar min ferdrage. Sy uterje dat mei skelpartijen en persoanlike oanfallen op de social media.
De slachtoffers binne bygelyks riedsleden, wethâlders, mar ek gewoane boargers. Sy hawwe dêr soms flink lêst fan, seit Wassink. Ek fersteurt it de persoanlike ferhâldingen op it eilân. Wassink ropt de eilanners op om harren mear yn acht te nimme. Hy hopet dat oandacht foar it probleem minsken oan it tinken set.