Hûnútlitters Dokkum mishannele

26 maaie 2012 - 15:52

Yn Dokkum binne yn koarte tiid trije hûnebesitters slachtoffer wurden fan mishanneling. De plysje siket in groepke jonge dieders. De mishannelings fûnen plak yn ferskate wiken.

It nijste gefal wie freedtemoarn yn in plantsoentsje achter de Hemmiusstrjitte. In dei earder waard in hûnútlitter mishannele yn de Van Kleffensstrjitte. Goed in wike dêrfoar barde itselde yn it Tolhúspark. Wykaginten sille de boel ekstra goed yn de gaten hâlde. By de Dokkumers sit de skrik der goed yn.

Trefwurden: 
mishanneling hûn
(Advertinsje)
(Advertinsje)