B en W wolle nijbou swimbad De Welle yn Drachten

05 jan 2017 - 17:05
Swimbad De Welle yn Drachten

Nijbou fan swimbad De Welle yn Drachten ferget in ynvestearring fan 20 miljoen euro. Dat meldt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân. Sy wol nijbou fan it topsportbad, omdat it hjoeddeistige net mear oan de easken foldocht. Renovaasje fan it swimbad soe in hiel soad kostje en boppedat moat it bad dan in skoft ticht foar rekreaasje.

Neffens it kolleezje kin it bad sa't it no is noch wol iepenbliuwe oant 2020. De 20 miljoen foar nijbou kin de gemeente net allinnich opbringe. Dêr binne eksterne finansiers foar nedich.

Yn febrewaris ferwachtet it kolleezje in totaalplaatsje te hawwen fan de plannen en mei in konkreet foarstel rjochting de ried komme te kinnen.

Trefwurden: 
De Welle swimbad Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)