UPDATE: Oebele Schokker giet by Harkemase Boys wei

05 jan 2017 - 17:00

Oebele Schokker giet oan de ein fan it seizoen by Harkemase Boys wei. De oanfallende middenfjilder wol mear tiid besteegje oan syn frou en twa bern. Fierders is de kombinaasje mei syn taak as assistint-trainer by VV Jubbegea dreech. By Jubbegea wurdt Schokker njonken assistint  ek spiler fan de earste seleksje.

Schokker spile hast 250 wedstriden foar Harkemase Boys.

Yn 2015 kearde Schokker werom by Harkemase Boys nei in aventoer by SC Cambuur. Hy spile sûnt 2012 by de Ljouwerters en makke dêr ûnder oaren it kampioenskip yn de Jupiler League mei. Tusken 2007 en 2012 spile Schokker ek al by Harkemase Boys.

(Advertinsje)
(Advertinsje)