BMW op sydkant yn greppel by Jobbegea

Auto op sydkant yn de greppel by Jobbegea © De Vries Media
Op de Auke Hartstrawei by Jobbegea is tongersdeimiddei om in oere of trije in BMW troch glêdens fan de dyk rekke. De auto bedarre ûnder winterske omstannichheden op de sydkant yn in greppel en op in daam.
It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok behannele troch ambulânsepersoniel. In berger hat de auto fuorttakele en ôffierd.