VVD wol mobile berikberheid Weststellingwerf ferbetterje

© Omrop Fryslân
De VVD yn Weststellingwerf spant him yn om de mobile berikberens yn de gemeente te ferbetterjen. Op guon plakken yn 'e gemeente is it berik sa min, dat minsken bûtendoar stean moatte om ferbining te krijen. In eardere aksje fan de gemeenteried hat as resultaat hân dat der nei alle gedachten in ekstra mêst by Aldeholtpea komt.
De VVD hat no fia Facebook nije klachten sammele en sil mei dizze list yn petear mei de KPN. Dy hat earder al sein dat se it berik ûndersykje wolle as der in soad klachten binne. De VVD hopet dat KPN dêr no op koarte termyn mei begjinne sil.