FIDEO: Bruorren Van Manen hawwe nocht oan Faderpaard

12 jan 2017 - 11:30

Op 12, 13 en 14 jannewaris stiet it WTC Expo yn Ljouwert yn it ramt fan Faderpaard 2017. De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en de keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. De bruorren Van Manen út Ede foarmje al jierren in begryp yn de wrâld fan it Fryske hynder. Ferskate kampioenen, wêrûnder de tige ferneamde Beart 411, komme der wei. Mar eins binne de trije bruorren noch mar krekt mei Fryske hynders dwaande. 

Faderpaard 2017 is op freed 13 jannewaris en sneon 14 jannewaris te folgjen by Omrop Fryslân. Freed 13 jannewaris fan 20.30 oere ôf de Friesian Proms en sneon 14 jannewaris fan 08.30 oere ôf de hynstekeuring op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet en de Omrop-app. Sjoggers kinne sneon reagearje fia sms: 06 20 499 199 en Twitter fia de hashtag #HK17. Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring en Friesian Proms is te finen op de spesjale side fan it Faderpaard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)