Bern bouwe terpen yn Huzum

20 bern bouwe terpen yn de âlde ambachtskoalle fan Huzum. De bern dogge dit mei keunstner Vincent Alders en de ambachtslju fan Stoereloer. It doel fan de terpebou is dat de bern in stikje skiednis meikrije en tagelyk harsels kreatyf ûntwikkelje. De bern meie sels bepale hoe't de terpen der út komme te sjen.
Oan 'e ein fan de dei ha de bern trije grutte terpen makke. It projekt sil ûnder de titel 'Zee van Terpen' yn Fryslân, Grinslân en Drinte útfierd wurden op skoallen. It úteinlike doel is dat der yn totaal 60 terpen tentoansteld wurde.