Narsingh yn Oranjeseleksje

26 maaie 2012 - 15:19
Luciano Narsingh - Foto: awfoto.nl

Luciano Narsingh is troch bûnscoach Bert van Marwijk opnaam yn syn definitive EK-seleksje. De oanfaller fan SC Hearrenfean makke ôfrûne tiisdei syn debút yn Oranje yn it oefenduel tsjin Bayern München. Hy makke yndruk troch syn earste optreden mei in doelpunt te bekroanen.

Mei Narsingh levert SC Hearrenfean nei Abe Lenstra, Germ Hofma, Jeffrey Talan, Ugur Yildirim en Roy Beerens opnij in spiler ôf oan Oranje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)