FIDEO: Grutske Pieter Okkema mei eigen hynst nei keuring

Op 12, 13 en 14 jannewaris stiet it WTC Expo yn Ljouwert yn it ramt fan Faderpaard 2017. De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. Pieter Okkema fan Wytmarsum besiket al jierren in selsfokte hynst yn it stamboek opnaam te krijen. En dit jier is dat foar it earst slagge mei Rick fan de Noeste Hoeve.
Rommert 498
Rick, dy’t as stamboeknamme Rommert 498 krijt, sil dit jier op de keuring te bewûnderjen wêze. Pieter Okkema is de heit fan Age Okkema, dy’t mei syn beide hynsten Jehannes 484 en Tsjalle 454, de lêste twa jier kampioen waard op de hynstekeuring.
Faderpaard 2017 is op freed 13 jannewaris en sneon 14 jannewaris te folgjen by Omrop Fryslân. Freed 13 jannewaris fan 20.30 oere ôf de Friesian Proms en sneon 14 jannewaris fan 08.30 oere ôf de hynstekeuring op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet en de Omrop-app. Sjoggers kinne sneon reagearje fia sms: 06 20 499 199 en Twitter fia de hashtag #HK17. Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring en Friesian Proms is te finen op de spesjale side fan it Faderpaard.