UPDATE: Auto te wetter by Wytmarsum, briefke efterlitten

05 jan 2017 - 12:34

In auto is tongersdeitemoarn yn it wetter rekke yn de Harnzer Feart oan de Hemerterleane by Wytmarsum. De oarsaak fan it ûngelok is glêdens.

De bestjoerder hat sels de helptsjinsten warskôge. Hy moast efkes by de auto wei om ien mei in telefoan te sykjen. Foarbygongers seagen de lege auto. Se hawwe doe it briefke skreaun en it dêr dellein.

Trefwurden: 
auto te wetter Wytmarsum
(advertinsje)
(advertinsje)