Motorrider makket wheely op A7

De A7 © Google Street View
De plysje hat tongersdei op de A7 tusken de Ofslútdyk en de Dútske grins mei in ûnopfallende fideo-auto 38 automobilisten fan de dyk helle foar oertredings.
Fjouwer rekken it riidbewiis kwyt. Ien fan harren ried 195 kilometer yn de oere. In motorrider makke in wheely en moast dêrom syn rydbewiis ôfjaan.
Der waarden bekeurings útdield foar beljen achter it stjoer en riden oer trochlutsen strepen en ferdriuwingsfakken.
De kontrôle makke diel út fan de aksje 'A7 Veilig' fan de provinsjes, plysje, KLPD, Iepenbier Ministearje en Rykswettersteat.