Cambuur hat Tissoudali hast binnen

05 jan 2017 - 11:27
Tarik Tissoudali (yn it wite shirt) - Foto: Awfoto.nl

De komst fan fleugeloanfaller Tarik Tissoudali nei Cambuur is sa goed as rûn. "We hopen dat hij na het weekend kan aansluiten", sa lit technysk direkteur Gerald van den Belt witte. "We zijn bezig met de formaliteiten, maar omdat hij in Frankrijk speelt is dat allemaal wat lastiger." Tissoudali stiet ûnder kontrakt by Le Havre, dat útkomt yn de Frânske Ligue 2, mar wêr't hy net foarkomt yn de plannen fan trainer Oswald Tanchot. Ferline seizoen wie Tissoudali noch ien fan de útblinkers by Telstar yn de Jupiler League.

Tarik Tissoudali gie in healjier lyn fan Telstar nei Le Havre, en tekene dêr in kontrakt foar fjouwer jier. Nei in seizoen mei njoggentjin doelpunten en njoggen assists koe de oanfaller kieze út ferskate klups. Hy keas foar Le Havre, mar oant no ta falt syn earste aventoer bot ôf, Tissoudali spile noch gjin inkelde minút foar de nûmer acht fan de Ligue 2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)