Strjitfestival yn Ljouwert

26 maaie 2012 - 15:12

Yn de binnenstêd fan Ljouwert is it sneon gesellich drok fanwege it Frysk Strjitfestival. In grut ferskaat oan strjitartysten fermakket de besikers. Der binne ek teaterfoarstellings. By de Aldehou en op it Gouverneursplein is in wiidweidich muzykprogramma.

It strjitfestival is freedtejûn begûn en duorret noch oant en mei sneintemiddei.

Trefwurden: 
Strjitfestival
(Advertinsje)
(Advertinsje)