Friezen breidzje foar Grinslanner ierdbevingsgebiet

© ANP
Friezen sille freed 13 jannewaris breidzje foar minsken yn it Grinslanner ierdbevingsgebiet. Op inisjatyf fan Mileudefensie wurde der yn gearwurking mei keunstneres Agnes Bakker út Grinslân de kommende twa moanne meardere breidkafees holden. Ien dêrfan is yn Neushoorn yn Ljouwert. Mei-inoar breidzje de dielnimmers út solidariteit symboalysk in waarme tekken foar de Grinslanners. Dêrmei wurdt yn maart it lytste húske fan Grinslân, yn Rottum, ynpakt.
Ut it hiele lân wurde yntusken al breidwurkjes opstjoerd of sette minsken breidkafees op. Ike Teuling is kampanjelieder Enerzjy fan Milieudefensie. Se seit: ''Groningers in het aardbevingsgebied hebben soms het gevoel dat de rest van Nederland geen idee heeft wat zij meemaken. Deze mensen voelen zich in de steek gelaten door de overheid en niet gesteund in hun strijd tegen de gaswinning die de bevingen veroorzaakt. Dan is het mooi als mensen vanuit alle uithoeken van het land laten zien dat het probleem van deze Groningers ze aan het hart gaat."