''Gau effektive oanpak fan betize minsken ferwêzentlikje''

It is fiif foar tolven as it giet om in effektive oanpak fan betize minsken, sa warskôget boargemaster Gerrit Krol fan gemeente It Bilt. Ek as boargemaster fan in lytse gemeente wurdt Krol konfrontearre mei minsken dy't net yn 'e stringen te hâlden binne en net meiwurkje wolle oan in behanneling, bygelyks trochdat se medisinen wegerje. Dêrtroch foarmje sy net allinnich in gefaar foar harsels, mar ek foar de omjouwing.
Ek al binne der ferskate helpferlieningsynstânsjes by belutsen, sûnder meiwurking fan de persoan yn kwestje komt der neat fan 'e grûn. Der leit in wetsûntwerp klear by it parlemint wêrmei't de boargemaster it foech krijt minsken in beheind oantal dagen opnimme te litten. Krol trunet der op oan it wetsûntwerp net oer de ferkiezings hinne te tillen en it mei faasje te behanneljen.