Razende tsjûge jaget ynbrekkers fuort

05 jan 2017 - 10:22
Foto: ANP

By twa wenningen oan de Goutumerdyk yn Goutum en in hûs oan de Hemmastins yn Ljouwert is woansdeitejûn besocht yn te brekken. Yn Goutum waarden twa fertochten sjoen doe't se út de achtertún fan ien fan de wenningen kamen. Se naaiden út op in swarte scooter.

Yn Ljouwert hearde in tsjûge lûden fan brekkerij fan de achterkant fan it hûs fan de buorlju. Hy seach dat twa minsken besochten in kezyn iepen te brekken. Doe't de man begong te razen, naaiden beide fertochten út.

Trefwurden: 
ynbraak Goutum Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)