Bouwmeester 3e yn Medemblik

26 maaie 2012 - 15:06

Siler Roelof Bouwmeester fan Warten hat sneon it brûns pakt op de ôfslutende medalrace yn de laserklasse by de wrâldbekerwedstriden yn Medemblik. Dêrmei einiget Bouwmeester as tredde yn it einklassemint.

It goud en de einoerwinning gongen nei syn trainingsmaat en grutte konkurrint Rutger van Schaardenburg. Dy pakt mei syn goede prestaasje it lêste ticket foar de Olympyske Spelen yn Londen. It sulver wie foar de Frânsman Jean-Baptiste Bernaz.

De 27-jierrige Bouwmeester lei lang op koers foar it Olympysk ticket, mar einige tongersdei yn de sânde en achtste race as fjirde en santjinde. Dêrtroch slagge de ynwenner fan Warten der net yn 13 plakken boppe Van Schaardenburg te einigjen om him te pleatsen foar Londen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)