Blauwe flagge as karmerk

26 maaie 2012 - 14:41
Foto: www.deblauwevlag.nl

Yn sân Fryske jachthavens is sneon de blauwe flagge hyst. Dat betsjut dat se skjin wetter hawwe en miljeufreonlik wurkje. It Soal yn Warkum, Boarnstream yn Jirnsum, De Rakken yn Wâldsein, de Lemsterbaai en de binnenhaven fan De Lemmer en de havens fan Skylge en Flylân hawwe it karmerk 'blauwe flagge' krige.

Foar de strannen is der ek in blauwe flagge. Allinnich de strannen fan Nes, Buren en Hollum op It Amelân komme dêrfoar yn de beneaming.

(Advertinsje)
(Advertinsje)