Warskôging foar glêde diken yn Fryslân

05 jan 2017 - 07:37
Glêdens (argyffoto) - Foto: ANP

It is tongersdeitemoarn glêd op de Fryske wegen troch befriezing fan wiete parten fan de dyk. It KNMI hat dêrom koade giel ôfjûn. It waarynstitút ferwachtet dat de glêdens oan it ein fan de moarn wer foarby is.

Op 'e A7 by Drachten yn 'e rjochting fan Ljouwert fleach tongersdeitemoarn in auto út 'e bocht. Mooglik ferlear de bestjoerder de kontrôle fanwegen de glêdens. De brânwacht moast útride foar it ûngelok, mar de bestjoerder koe sels út de auto komme en is net ferwûne rekke. De rydbaan hat in skoftke ôfsletten west.

Trefwurden: 
glêdens
(Advertinsje)
(Advertinsje)