Motorriders botse opinoar

Plysje © ANP XTRA
Twa motorriders binne freedtejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Nessenwei by Easthim. Se rieden yn twa ferskillende groepen motorriders dy't inoar tsjinkamen. De manlju rekken inoar yn it foarbyriden. Dêrby rekken de 47-jierrige Snitser en de 44-jierrige ynwenner fan Makkingea ferwûne.
De Makkingeaster bedarre yn 'e sleat. Omstanners hawwe him derút helle. De manlju binne mei ferwûnings oan de skonken oerbrocht nei it sikehûs fan Snits.