Douwe de Vries hopet op top fiif op EK

06 jan 2017 - 12:01

Reedrider Douwe de Vries hopet op in plak by de earste fiif op it Europeesk kampioenskip allround dit wykein. De Vries: "Alles hinget ôf fan de earste ôfstân: de 500 meter. As dy goed rint, dan kin ik de earste fiif helje."

De Vries is al bliid dat hy de EK allround helle hat. "It wie eins in subdoel foar my. It earste doel wie my pleatse foar de WK ôfstannen op de 5000 meter. Dat is slagge en dêr komt dit EK no by."

It programma foar it EK allround en it EK sprint

Freed 6 jannewaris, begjint om 18.30 oere

500 meter froulju allround (Antoinette de Jong, Yvonne Nauta, Ireen Wüst)
500 meter manlju sprint
3000 meter froulju allround (Antoinette de Jong, Yvonne Nauta, Ireen Wüst)
1000 meter manlju sprint

Sneon 7 jannewaris, begjint om 11.00 oere

1500 meter froulju allround (Antoinette de Jong, Yvonne Nauta, Ireen Wüst)
500 meter manlju sprint
500 meter froulju sprint (Marrit Leenstra)
500 meter manlju allround (Sven Kramer, Douwe de Vries)
5000 meter froulju allround (Antoinette de Jong, Yvonne Nauta, Ireen Wüst)
1000 meter froulju sprint (Marrit Leenstra)
1000 meter manlju sprint
5000 meter manlju allround (Sven Kramer, Douwe de Vries)

Snein 8 jannewaris, begjint om 13.30 oere

500 meter froulju sprint (Marrit Leenstra)
1500 meter manlju allround (Sven Kramer, Douwe de Vries)
1000 meter froulju sprint (Marrit Leenstra)
10.000 meter manlju allround (Sven Kramer, Douwe de Vries)

Trefwurden: 
reedriden Douwe de Vries EK
(Advertinsje)
(Advertinsje)