Leenstra giet foar de titel op EK sprint

06 jan 2017 - 07:43

"Alles falt of stiet mei de 500 meter." Dat seit Marrit Leenstra foar it earste Europeesk kampioenskip sprint. "As myn 500 meters goed binne, dan kin ik, as ik sa nei it dielnimmersfjild sjoch, foar de titel meidwaan. Oars wurdt it hiel dreech."

Dit wykein wurdt foar it earst yn histoarje it EK sprint hâlden. "Ik tink dat it terjochte is dat de sprinters ek sa'n toernoai ha. Ik ha der wol sin oan."

It programma foar it EK allround en it EK sprint

Freed 6 jannewaris, begjint om 18.30 oere

500 meter froulju allround
500 meter manlju sprint
3000 meter froulju allround
1000 meter manlju sprint

Sneon 7 jannewaris, begjint om 11.00 oere

1500 meter froulju allround
500 meter manlju sprint
500 meter froulju sprint
500 meter manlju allround
5000 meter froulju allround
1000 meter froulju sprint
1000 meter manlju sprint
5000 meter manlju allround

Snein 8 jannewaris, begjint om 13.30 oere

500 meter froulju sprint
1500 meter manlju allround
1000 meter froulju sprint
10.000 meter manlju allround

Trefwurden: 
reedriden Marrit Leenstra EK
(advertinsje)
(advertinsje)