Kontrôle op snoekbearsfiskjen

26 maaie 2012 - 14:29
Foto: Omrop Fryslân

Plysje en kontroleurs fan de sportfiskerij Fryslân hâlde mei yngong fan sneon wer tafersjoch op it fiskjen nei snoekbears. Dat mei no wer, mar der jilde wol regels. Sa mei in fisker mar twa fongen snoekbearzen by him hawwe dy't yn alle gefallen 42 sintimeter wêze moatte. Lytsere fisken moatte weromset wurde.

Der wurdt op it wetter, mar ek fan de wâl ôf kontrolearre. As minsken de regels skeine, krije se in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
snoekbears
(Advertinsje)
(Advertinsje)