Antoinette de Jong: "Gean foar in poadium plak"

05 jan 2017 - 07:43

Neffens Antoinette de Jong hat se dit jier in flinke stap setten. Dat seit De Jong yn oanrin nei it Europeesk kampioenskip allround. De 21-jierrige reedrydster tinkt dat in poadiumplak mooglik is: "Wüst en Sábliková binne normaal better, mar ik gean foar it tredde plak. It soe moai wêze as ik der tichterby kom."

De Jong docht foar de tredde kear mei oan it EK allround. Ferline jier waard se treddde. Yn 2013 makke se har debút en waard se fyfde. "Ik ha my flink ferbetere op de 3000 en 5000 meter. Op de 1500 moat ik mear ûntspannen ride."

It programma foar it EK allround en it EK sprint

Freed 6 jannewaris, begjint om 18.30 oere

500 meter froulju allround
500 meter manlju sprint
3000 meter froulju allround
1000 meter manlju sprint

Sneon 7 jannewaris, begjint om 11.00 oere

1500 meter froulju allround
500 meter manlju sprint
500 meter froulju sprint
500 meter manlju allround
5000 meter froulju allround
1000 meter froulju sprint
1000 meter manlju sprint
5000 meter manlju allround

Snein 8 jannewaris, begjint om 13.30 oere

500 meter froulju sprint
1500 meter manlju allround
1000 meter froulju sprint
10.000 meter manlju allround

(Advertinsje)
(Advertinsje)