Dûbeldekker bedarret yn 'e sleat nei botsing

04 jan 2017 - 17:52

Op de Wierewei by Bartlehiem is woansdei oan de ein fan de middei in dûbeldekker yn botsing kaam mei in auto. Sawol de auto as de bus bedarren dêrby yn de sleat. De sjauffeur fan de bus rekke net ferwûne, de bestjoerder fan de auto is troch ambulânsepersoniel behannele.

De plysje ûndersiket noch hoe't it ûngelok krekt barre koe.

Trefwurden: 
Bartlehiem bus ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)