Drachtster bestelt syn âlden foar 11.000 euro

04 jan 2017 - 17:40
Foto: ANP

In man fan 27 út Drachten is feroardiele ta tachtich oeren wurkstraf en in selstraf ûnder betingst fan twa moanne mei in proeftiid fan trije jier. De man hat syn âlden út De Harkema foar goed 11.000 euro bestellen. Hy brûkte it jild foar syn poker- en speedferslaving. Hy koe by de rekken fan syn heit en mem, omdat hy se holp mei de banksaken.

Ferslave

Neffens syn advokaat wie de Drachtster ferslave rekke, neidat hy yn koarte tiid twa kear syn baan kwytrekke. By de rjochtsaak sei de man dat er in soad spyt hat fan syn dieden: "it is it lafste datst dy betinke kinst."

De offisier fan justysje easke 180 oeren wurkstraf, trije moanne sel ûnder betingst en in proeftiid fan trije jier. "Dit is echt een misselijk strafbaar feit", sa sei se. "De ouders hadden hulp nodig, maar van hun vertrouwen is misbruik gemaakt."

Trefwurden: 
Drachten plysje stelle jild
(Advertinsje)
(Advertinsje)