De Vries begjint goed yn Zeist

26 maaie 2012 - 13:57
Foto: awfoto.nl

Elma de Vries is goed út ein set op de earste dei fan it NK skeelerjen op 'e dyk yn Zeist. De Vries, oarspronklik fan De Haule, wûn freed sawol de 200 meter as de 10 kilometer ôffalkoers. Margo van de Merwe út Wolvegea waard op beide ôfstannen 2e. Ria Westenbroek út Bantegea einige as 3e op de ôffalkoers, Hilde-Marije Dijkstra út Aldetrine waard 3e op de 200 meter.

By de manlju wie Mark Horsten, wenjend yn Drachten, oppermachtich op de 200 meter en de 20 km ôffalkoers. It sulver op de 200 meter wie foar Sander de Graaff fan It Hearrenfean.

De twa oerwinnings smieten Elma de Vries lykwols gjin offisjele Nederlânske titels op. By de froulju waard it minimum fan tolve dielnimsters net helle. Dêrtroch is it NK op 'e dyk no in saneamd 'offisjeus kampioenskip' wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)