Feitsjes oer de Alvestêdetocht fan 1997

It is alwer tweintich jier lyn dat de tocht der tochten úteinsette. Tûzenen riders gienen it iis op. Mar wat wienen no de krekte sifers fan de Alvestêdetocht? En hoefolle minsken dienen oan de tocht mei?
Yn totaal binne der fyftjin Alvestêdetochten riden. It giet dan om de jierren 1909, 1912, 1917, 1929, 1933, 1940, 1941, 1942, 1947, 1954, 1956, 1963, 1985, 1986 en 1997.
Under de Twadde Wrâldoarloch yn Europa waard de Alvestêdetocht trije kear efterinoar ferriden. Der binne yn totaal njoggentjin winners fan de reedrydwedstriid. Der binne mear winners as Alvestêdetochten, om't der by inkelde edysjes meardere minsken tagelyk oer de streek kamen. Om in Alvestêdetocht ride te kinnen, moat it iis op de ferskate plakken yn de provinsje tusken de fyftjin en tweintich sintimeter dik wêze.
By de lêste Alvestêdetocht yn 1997 dienen der goed 16.000 riders mei: 16.430 om krekt te wêzen. Hast ien op de trije dielnimmers, helle de finish fan de reedrydtocht net of kaam te let. Fan de tûzenen dielnimmers, dienen der trijehûndert wedstriidriders mei oan de Alvestêdetocht fan 1997. Ek in lid fan de Twadde Keamer weage him op it iis: Jacob Reitsma fan it CDA.
Net allinne op it iis wie it drok yn 1997, ek by de ferfierders wie it in kommen en gean fan minsken. De NS ferfierde 80.000 persoanen. De VEONN, de doedestiidske ferfiersferiening fan Noard-Nederlân, brocht 45.000 minsken op harren plak fan bestimming.
It tal telefoanpetearen ûnder de Alvestêdetocht fertsienfâldige, nei 57.000 petearen.