Alle bern yn Lekkum krije 200 euro út neilittenskip

05 jan 2017 - 09:00

In grutte groep jongeren út Lekkum, Miedum en Snakkerbuorren hat dizze wike per persoan hast 200 euro tasein krigen út in neilittenskip. It jild komt fan in frou dy't yn 2014 ferstoar oan de gefolgen fan kanker. Se stie yn it doarp bekend as tige tagonklik en mâl mei bern. Sa organisearre se ûnder oare pankoekfeesten.

''Zeer begaan''

Jongeren dy't in skinking krigen hawwe, binne berne yn ien fan de trije doarpen dy't nei skoalle gongen op de basisskoalle yn Lekkum. De reden foar de frou om har jild nei te litten oan alle jongeren, is dat se ''zeer begaan'' wie mei de bern.

Sawol de famylje as de notaris wolle neat sizze oer de erfenis. Ek wolle se neat bekend meitsje oer wa't de frou is. It komt ûngefear ien kear per jier foar dat sa'n grutte groep doarpsgenoaten sa'n hege erfenis krijt, sa sizze oare notarissen. Faak bart soks lykwols binnen ferieningen.

Trefwurden: 
neilittenskip Lekkum jild
(Advertinsje)
(Advertinsje)