Kantoar CJIB ûntromme fanwege gaslucht, neat fûn

© Google Streetview
It kantoar fan it CJIB oan de Van der Nootstrjitte yn Ljouwert hat woansdeitemiddei in skoft ûntromme west fanwege in gaslucht dy't dêr hong. De meiwurkers binne yn in oar gebou opfongen.
De brânwacht hat mjittings dien, mar koe neat fine. In monteur fan Liander hat der ek by west. Dy koe gjin lekken of oare mankeminten konstatearje.