Mummifisearre kat fûn yn tsjerke fan Skettens

04 jan 2017 - 16:20

Yn de tsjerke fan Skettens is in mummifisearre kat fûn. Mooglik is it bist deryn krûpt troch de luchtgatten en koe it net mear fuortkomme. It kin wêze dat de deade kat der mear as hûndert jier lein hat. It bist kaam foar it ljocht by it renovaasjewurk dat no oan de gong is. De planken fan it koar wiene ferrotte en moasten ferfongen wurde. By it fuortheljen seach de oannimmer de kat lizzen.

André Buwalda, foarsitter fan it kolleezje tsjerkerintmasters, hat de kat de namme Skelte jûn nei de ferneamde offisier Skelte fan Aysma.

Van Aysma hat yn de de Tachtichjierrige Oarloch fochten. Hy kaam yn 1637 om it libben by de striid om Breda.

Ferline jier waard bekend dat de helm dy't iuwenlang oan de muorre fan it tsjerkje fan Skettens hong, in hiel seldsum eksimplaar is. Nei ûndersyk fan konservator Jeroen Punt fan it Nationaal Militair Museum die bliken dat de helm fan Skelte van Aysma wie.

Trefwurden: 
mummy kat Skettens
(advertinsje)
(advertinsje)