Trije wike sel foar man út asylsikerssintrum Sint-Anne

04 jan 2017 - 16:18
Foto: ANP

In 25-jierrige Marokkaanske man út it asylsikerssintrum fan Sint-Anne moat trije wike de sel yn, foar stellerij en heling. In meiwurker seach begjin desimber in nagelnije mountainbike op syn keamer stean en skeakele de plysje yn. Dúdlik waard dat de fyts yn it doarp stellen wie. De bewenner sei dat er him foar 60 euro fan in Algerijn kocht hie, wylst hy rûnkomme moat fan 50 euro wyks. De rjochter hie sa syn twivels by dit ferhaal, mar koe him net feroardielje foar stellerij, wol foar heling.

In pear dagen letter waard de man wer oppakt mei in stellen mountainbike. Dy hie hy fûn, sa sei er tsjin de rjochter. Yn dit gefal fûn de rjochter wol dat stellerij bewiisd wie. De 25-jierrige Marokkaan hat earder ek al asyl oanfrege yn Italië en Switserlân. Hy joech by syn asyloanfraach sels in falske namme op. De rjochter fûn it slim dat hy misbrûk makket fan it asylbelied yn ús lân. "Met uw gedrag wordt de positie van vluchtelingen in de publieke opinie ernstig benadeeld".

(Advertinsje)
(Advertinsje)