Wierstra 2e Pompeblêd-2daagse

26 maaie 2012 - 13:27
Foto: awfoto.nl

Hurdfytser Frank Wierstra fan Burgum is twadde wurden yn it einklassemint fan de Pompeblêd-twadaagse. Wierstra kaam freed op 'e Harkema yn de einsprint as earste oer de streek, foar Arno van der Zwet út Houten en Henk Wildeman út Raalte. De titel fan de 18e edysje fan de klassiker gong úteinlik nei Van der Zwet

Op tongersdei waard de earste etappe yn Gerkeskleaster riden. Dêr wie Jan Bos de rapste, folge troch Rudy Vriend en Sierk-Jan de Haan. Wildeman einige yn it einklassemint op it tredde plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)