Ljouwerter moat wiken de sel yn foar mishanneling

04 jan 2017 - 16:00
Foto: ANP

In 47-jierrige Ljouwerter moat fiif wiken de sel yn fanwegen it mishanneljen fan in stedsgenoat fan 71. De âldere man fytste twa wiken lyn troch de stêd en moast útwike foar de man dy't samar de dyk opstapte. De fytser skrok en rôp dat de man better útsjen moast. Dy draaide him om en sloech it slachtoffer tsjin de holle, sadat dy in brutsen noas oprûn. 

Trefwurden: 
Ljouwert mishanneling plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)