Van Kessel wint Sintrumcross Surhústerfean foar twadde kear

04 jan 2017 - 15:56

Corné van Kessel hat woansdei foar de twadde kear achterelkoar de Sintrumcross fan Surhústerfean wûn. Hy makke der mei Lars Boom in spannende finale fan. Earst wie er allinnich foarút. Troch in stjoerflater koe Boom de lieding nimme. Mar yn de slotfaze makke Boom sels ek in pear flaters en sa koe Van Kessel dochs noch winne. Lars van Haar waard tredde.

It Fryske talint Gosse van der Meer fan Surhuzum waard knap 10e.

(Advertinsje)
(Advertinsje)