Wat diene jo mei de Alvestêdetocht fan 1997?

Wat diene jo op 4 jannewaris 1997? Dy fraach hawwe wy útset by ús harkers en sjoggers. Wiene jo ien fan de mear as 15.000 toerriders of stiene jo oan de kant? Tsientallen ferhalen kamen de ôfrûne dagen by ús op de redaksje binnen. Hjir is in seleksje út makke, mei in pear nijsgjirrige ferhalen.
Frisofyl út Brabân
Wyb de Boer kaam spesjaal út Brabân wei om it feest fan de Alvestêdetocht mei te meitsjen. "Wij waren heel enthousiaste Fricofielen, en wij wilden het meemaken, dat feest van de Elfstedentocht. Dus op naar het Friese land. Vrijdag 3 januari met bus en trein naar Heerenveen daar een kaartje gekocht voor 5 gulden waarmee je de rest van het weekend met het openbaar vervoer kon reizen door de hele provincie heen." En dat hat er dien! Fan Frjentsjer nei Dokkum en allerhande oare plakken.
Help fan boppen
Foar Piet Viëtor út Hitsum wie it de tredde kear dat er meidie as wedstriidrider. Dizze tocht foel it him raar ôf. Hy hie yn training west. Mar wie hiel wurch ûnderweis. Viëtor hat de tocht útriden 'met help fan boppen', seit er. Want dêrnei krige er in hertynfarkt by de Alvemarretocht.
Freonskip
Baukje Dijkstra út Frjentsjer hat oan de tocht in freonskiplik kontakt oerhâlden. Se wie taskôger en pindele hinne en wer tusken har hûs en it iis. "Wêr kin ik hjir belje?", frege in dielnimmer op it iis. It wie Kees Boerhout út Bergen op Zoom. Se wist dat er de telefoansellen foarby riden wie. Se skeau it telefoannûmer op en belle syn famylje. Dy sneins belle se nochris om te freegjen hoe't it ôfrûn wie mei de tocht. Boerhout is no 86 jier. Se hawwe altyd kontakt hâlden.
Slypje
"Wer bin ik oan begûn", tocht Marianne van Staveren. It waaide dat it rikke en se soe de Alvestêdetocht ride. Se woe hiel graach omdat se de tocht fan 1985 net útride koe. Se moast fan it iis mei in longûntstekking. Yn 1997 stie har man by elke stop oan de kant om har redens te slypjen. En dat har dertroch hinne skuord. By har man stie ek noch in jonge Haarlimmer oan de kant Marianne oan te moedigjen. Dat hat alles te krijen mei in startkaart fan de Alvestêdetocht fan 1985.