Fraksjefoarsitters: ''Foarstel foar in humaner bernepardon''

04 jan 2017 - 15:42
Foto: ANP

De delegaasje fan fraksjefoarsitters fan de PvdA hat woansdei mei Lodewijk Asscher en Atje Kuiken praten oer it bernepardon. Se hawwe ôfpraten dat se mei-elkoar in foarstel formulearje sille oer in humaner bernepardon. Dat foarstel sil dan op 15 jannewaris besprutsen wurde op it lanlike PvdA-kongres. As de leden it foarstel oannimme, is de fraksje yn de Twadde Keamer oan set.

De noardlike fraksjefoarsitters pleitsje foar in soepeler regeling foar asylsikersbern dy't it lân útsetten wurde. It giet dan om bern dy't hjir al langer as fiif jier wenje, mar dochs net bekend binne by it Ryk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)