Moskee yn Snits ferhuze

26 maaie 2012 - 13:23

Yn Snits is sneon de nije Turkske moskee oan de Alde Oppenhuzerwei offisjeel iepene. Dy is ûnderbrocht yn de eardere jeugdherberch Wigledaam. Der is twa jier wurke oan de ferbouwing. Oan de bûtenkant liket it in monumintale buorkerij, oan de binnenkant hat it gebou alle skaaimerken fan in moskee.

De offisjele iepening waard dien yn bywêzen fan boargemaster Apotheker, Twadde Keamerlid Jacques Monasch en de Turkske attasjee fan religieuze saken. De Ayasofyamoskee fan Snits siet earst oan de Havenstrjitte, mar dêr waard it te lyts.

Trefwurden: 
moskee
(Advertinsje)
(Advertinsje)