Marianne Vos wint Sintrumcross foar de achtste kear

04 jan 2017 - 14:22

Hurdfytster Marianne Vos hat woansdei de Sintrumcross yn Surhústerfean wûn. It is foar Vos alwer de achtste oerwinning yn Surhústerfean. Se wie fierút de sterkste fan it wedstriidfjild en koe fuortendaliks by de start al fuortride by it peloton. De rest kaam der dêrnei eins net mear oan te pas. Vos hie by de einstreek rom twa minuten foarsprong op de nûmer twa, Yara Kastelijn. Alicia Franck út België waard tredde.

De Sintrumcross yn Surhústerfean is foar Vos in goeie generale foar it NK yn Sint-Michielsgestel dit wykein. De hurdfytster hat der ferline jier lange tiid útlein, en is eins pas sûnt ein desimber wer úteinset yn it fjild. Dit is har fjirde oerwinning yn goed twa wiken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)