UPDATE: Lange Merkstrjitte wer iepen foar ferkear

04 jan 2017 - 13:24

De Lange Merkstrjitte yn Ljouwert is wer iepen foar ferkear. Tusken tolven en healwei fjouweren wie de dyk ticht, neidat in isolaasjeplaat fan ien fan de Avérogebouwen waaid wie. Ferkear waard omlaat oer de Sudersingel. Der waard wurke oan it gebou en de isolaasjeplaten leine tydlik opslein op it dak. De lichte platen wiene wol sekere, mar dochs wie ien plaat fuortwaaid.

It gie dus yn dit gefal net om in plaat fan de hege Achmeatoer. Mei dy toer wiene yn desimber 2001 en febrewaris 2002 grute problemen, doe't in pear gevelplaten nei ûnderen kamen troch de hurde wyn.

Trefwurden: 
dakplaat Ljouwert Averogebou
(Advertinsje)
(Advertinsje)