Swierferwûne by botsing

26 maaie 2012 - 13:10
Foto: Anton Kappers

By in ûngelok op de Pasveerwei yn Ljouwert is freedtejûn in man fan 64 jier swierferwûne rekke. De man ried op syn bromscooter en botste op in auto bestjoerd troch in frou fan 55 jier. De bromfytser wie ûnder ynfloed fan drank.

Mei mooglik harsenletsel is de man mei de traumahely oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Fan it slachtoffer is in bloedproef ôfnommen. De helikopter koe yn de wenwyk inkeld mar lânje op in brechje.

Trefwurden: 
bromscooter
(Advertinsje)
(Advertinsje)