Fytsedief mei foet yn it gips en krukken pakt yn Ljouwert

© ANP
Yn Ljouwert is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in fytsedief oanhâlden mei in opfallend sinjalemint. Hy hie de foet yn it gips en hy hie krukken by him. De man waard 'yn aksje' sjoen om tsien foar fiven by it NS-stasjon. Hy kaam net fier, want eefkes letter waard er oanhâlden op it Suderplein.
De 39-jierrige man hie noch it ien en oar út te lizzen oer in tal saken. Dêrom is er meinaam nei it plysjeburo. De fyts is werom by de eigener.