Kearmuorre yn Harns sluten

04 jan 2017 - 13:06
De kearmuorre by Harns is ticht fanwegen de hurde wyn - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De kearmuorre yn Harns is woansdei oan de ein fan de moarn sluten. Reden is in kombinaasje fan de hege wetterstân en de hurde wyn. By in hichte fan 1.90 meter slút de haventsjinst fan de gemeente de trochgong yn de seedyk om Harns. Dat giet yn oerlis mei it Wetterskip Fryslân. De wetterstân is no sa'n 2 meter boppe NAP. It is net bekend oant hoe let de kearmuorre ticht bliuwt.

Trefwurden: 
kearmuorre Harns
(Advertinsje)
(Advertinsje)