Bêste wedstriidriders Alvestêdetocht komme byinoar yn Hylpen

04 jan 2017 - 12:26

De tritich bêste wedstriidriders en fiif toprydsters fan de lêste Alvestêdetocht binne woansdei byinoar op in reüny yn it reedrydmuseum yn Hylpen. It is woansdei presys tweintich jier ferlyn dat de tocht ferriden waard. De tocht fan 1997 wie de fyftjinde Alvestêdetocht.

Op de reüny yn Hylpen wurdt ek in boek mei ferhalen fan riders oer de tocht presentearre. Neist de riders binne der ek bestjoerders op de gearkomste lykas âld-foarsitter Henk Kroes en iismaster Piet Venema.

(Advertinsje)
(Advertinsje)