Bliid om net trochgean spoar

26 maaie 2012 - 13:05

Under oare yn Terbant wurdt mei ferromming reagearre op it mislearjen fan de plannen foar in spoar fan It Hearrenfean oer Drachten nei Grins. Dat soe by de rotondetsjerke fan Terbant in bocht meitsje. Huzen oan de Aengwirderwei soene ferdwine moatte.

De bewenners binne bliid dat se no dúdlikens hawwe dat it net trochgiet. De measten hiene al hope dat it plan net helber wêze soe. In konkreet foarstel foar de oankeap of sloop fan de huzen hawwe se nea krigen.

Op ferskate oare plakken yn de gemeenten Hearrenfean, Opsterlân en Smellingerlân hiene ek huzen ferdwine moatten as it spoarplan trochgongen wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)